Simmerdyk Campus Snits iepene

10 jan 2013 - 20:17
  • De Simmerdyk Campus yn Snits

Yn Snits is tongersdeitemiddei de Simmerdyk Campus iepene. Yn dy Campus sitte trije skoallen foar spesjaal ûnderwiis. Der is plak foar basisskoallebern en jongerein fan it fuortset ûnderwiis. Op 'e Campus is in soad romte foar praktykûnderwiis.

Yn itselde gebou sitte ek spesjalisten lykas in logopedist. Bern yn Súdwest-Fryslân kinne ferwiisd wurde nei dy spesjalisten. It is wol de bedoeling dat de bern safolle mooglik op harren eigen skoalle bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)