Bernedeiferbliuw moandei iepen

Bernedeiferbliuw Fleurtje Belle Fleur op It Hearrenfean giet moandei wer iepen. Dat seit eigneresse Mira van Dyk fan it bernedeiferbliuw. Fleurtje Belle Fleur moast ferline wike freed ticht op befel fan de gemeente Hearrenfean, omdat it bernedeiferbliuw neffens de gemeente 'net feilich' wêze soe.
De Ljouwerter rjochtbank hat tongersdei útsprutsen dat Fleurtje Belle Fleur wer iepen mei. Mira van Dyk is geweldich bliid mei dy útspraak. Se hat lykwols gjin idee hoefolle bern der nije wike komme nei alle negative publisiteit.
Advokaat Marita Jansen fan Fleurtje Belle Fleur wol de gemeente Hearrenfean oansprekke foar de skea dy't it bernedeiferbliuw hân hat fan alle negative publisiteit.