Preemje ridlik op tiid betelle

It tal minsken dat achterleit mei it beteljen fan de soarchpreemje is by soarchfersekerder De Friesland ûngefear 1 persint fan it totale tal klanten. Dat falt ta neffens de lanlike sifers; dêr is it 3,5 persint. Troch de krisis en it ferhege eigen risiko komme hieltyd mear minsken yn problemen mei it beteljen fan de soarchpreemje, is de ferwachting. Mei dy minsken wurdt in betelregeling troffen. Neffens De Friesland is it tal minsken dat syn rekkens net yn ien kear, mar yn parten betellet, wol bot tanaam: fan 9000 yn 2011 nei 30.000 yn 2012.