Gjin Harns-Hull-race dit jier

De fiifde edysje fan de 'Harlingen-Hull-Harlingen Race' dy't 30 juny holden wurde soe, giet net troch. Der is te min jild om de kosten fan de eardere minefeger 'Sittard' te beteljen. It skip is eigendom fan it Harnzer Seekadetkorps en funksjonearret by de race as folchskip.
De race wurdt om de twa jier organisearre troch de Harnzer wettersportferiening. It bestjoer sjocht gjin mooglikheden om de reis te bekostigjen. Fanwege de krisis binne der gjin sponsors en der wurde dizze kear minder silers ferwachte foar de tocht.