Gjin bedriuwekontaktdagen

10 jan 2013 - 12:59

Dit jier komme der gjin bedriuwekontaktdagen yn it WTC yn Ljouwert. Dat hat organisator Willem van Muijlwijck besletten. De organisaasje is net mooglik omdat der gjin jild mear is. De animo foar de kontaktdagen rûn de lêste jierren al werom en dat jilde ek foar de publike belangstelling. Oft dit de definitive ein is fan de kontaktdagen is noch net dúdlik. Van Muijlwijck wol earst de aktuele saken ôfhannelje. Want dat rekket him bot. It soe dit jier de tritichste kear west hawwe dat de kontaktdagen hâlden waarden.

Trefwurden: 
bedriuwekontaktdagen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)