Ofskied boargemaster Adema

Piet Adema
Waarnimmend boargemaster Piet Adema fan Achtkarspelen nimt tongersdei offisjeel ôfskied. Adema hat dêr dan oardel jier as boargemaster aktyf west. Hy folge dêr Tjeerd van der Zwan op, dy't healwei 2011 boargemaster fan Hearrenfean waard. Moandei wurdt de nije boargemaster fan Achtkarspelen offisjeel ynstallearre, dat it Germ Gerbrandy. Dat it mear as in jier duorre hat dat der in opfolger foar Van der Zwan wie komt trochdat der earst mear dúdlikheid komme moast oer de weryndieling yn Noardeast-Fryslân.
Doe't dúdlik waard dat Achtkarspelen selsstannich bliuwt, koe der socht wurde nei in nije boargemaster.