Ried Harns foar sloopwerf

10 jan 2013 - 11:17
  • It stêdhûs fan Harns

De gemeenteried fan Harns jout dochs romte foar de fêstiging fan in sloopwerf yn Harns. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders is tsjin sa'n sloopwerf út frees foar imagoskea en negative effekten op it toerisme. Ek leauwe b&w net dat it bedriuw in soad nije banen opsmyt. De ried hat him woansdei yn in moasje lykwols útsprutsen foar de fêstiging fan sa'n werf en freget it gemeentebestjoer ál mei te wurkjen oan de komst fan de sloopwerf.

Allinne de SP en de ienmansfraksje fan Lijst Soolsma stimden tsjin, GrienLinks en de trije riedsleden fan Frisse Wind wiene net oanwêzich. De ûntwikkelingsmaatskippij Westergo, dy't de yndustryhaven fan Harns ûntwikkelje moat, hat 2,5 hektare grûn op it haventerrein reservearre omdat út de bransj konkrete belangstelling wêze soe foar de fêstiging fan sa'n werf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)