Ynwenners Ferwer'diel tefreden

10 jan 2013 - 10:18

Ynwenners fan Ferwerderadiel binne goed te sprekken oer de wenwille en de feilichheid yn har gemeente. Se jouwe dêr in acht foar yn in enkête oer de leefberheid. Ek de skoallen en de sportfoarsjennings krije mei in 7,5 in dikke foldwaande. Minder tefreden binne de minsken yn Ferwerderadiel oer it winkeloanbod en de belutsenheid by de buert. Der ha goed 2600 minsken meidien oan de enkête. Neffens in eardere enkête yn 2004 is de tefredenheid oer de leefomjouwing flink tanaam.

Trefwurden: 
enkête leefberheid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)