Ljouwerter fytsfernieler pakt

Oanhâlden © Omrop Fryslân
In 24-jierrige ynwenner fan Ljouwert is woansdei oppakt foar fernielerij. De man hie yn de Cornelis Trooststrjitte tsjin in parkearde auto oanskopt en hy hie ek noch in fyts fernield dy't dêr stie. Buertbewenners hiene dat sjoen en bellen de plysje. Omdat der in goed sinjalemint wie, koe de fertochte gau oanhâlden wurde. Hy is meinaam nei it buro en dêr fêstset.