Gjin kontrôle op grûnbelied

10 jan 2013 - 08:50

It risiko op flaters by de oankeap fan grûn troch de provinsje wie grut, omdat der lange tiid gjin kontrôle op wie. Ferantwurdlik deputearre Konst doedestiids wist net dat hy it grûnbelied yn portefeuille hie. Dat docht bliken út in rapport fan advysburo Berenschot. Dat hat ûndersyk dien nei it proses fan grûnoankeap troch de provinsje, tusken 2007 en 2011. Oanlieding wie in kritysk rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer. Dy sei dat de provinsje grutte finansjele risiko's naam hat by de oankeap fan grûn foar bygelyks de heak om Ljouwert.

De provinsje hat yntusken maatregels naam. Neffens Berenschot wurkje dy goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)