Rjochtsaak fermiste Boerumer

In 36-jierrige man fan Turkse komôf stiet hjoed foar de rjochter foar deaslach op Michael de Vrieze fan Boerum. De Vrieze ferdwûn yn april 2010 samar. De fanatike skaker kaam net opdaagjen by syn klup De Twee Kastelen. Leden fan de klup stapten nei de plysje. Uteinlik waard de fertochte yn Moskou oppakt. Hy wurdt der fan fertocht dat er de Boerumer om it libben brocht hat. It frjemde is dat it lichem fan De Vrieze nea fûn is. Dochs kin ien dan wol oanklage wurde foar deaslach. Dat gebeurt wol faker.