Fryslân: gjin jild starters

De provinsje Fryslân wol foarearst gjin jild stekke yn in plan om startende ûndernimmers te helpen. De provinsje fynt soks net syn taak, mar dy fan de Keamer fan Keaphannel. De Noardlike Untwikkelingsmaatskippij (NOM), de Keamer fan Keaphannel en de provinsjes Grinslân en Drinte ha jild frijmakke foar spesjale startersbegelieding troch spesjalisten.
It wie de bedoeling fan de inisjatyfnimmers dat ek Fryske starters op de help fan de ekspert rekenje koene, mar oant no ta is it net slagge om jild los te krijen by de provinsje.