Swiere knal yn Ljouwert

De knal dy't woansdeitejûn oeral yn Ljouwert te hearren wie, is feroarsake troch in fjoerwurkbom yn in ûndergrûnse ôffalkontener oan de Willemskade. De plysje krige meardere telefoantsjes nei oanlieding fan de knal dy't koart nei âlven plakfûn. De kontener hie skea en der gong in rút stikken fan in hûs oan de kade. De bewenners fan foaral de skippen oan de kade wienen der rap by, mar doe wienen de dieders al poater.