Groenendijk net nei Cambuur

09 jan 2013 - 22:05

Trainer Alfons Groenendijk hat Cambuur witte litten dat hy gjin belangstelling hat om de opfolger fan Alfons Arts te wurden. Groenendijk stie op it listje fan fiif trainers dêr't Cambuur in petear mei oangean wol. Dat binne no dus noch fjouwer.

Groenendijk is op dit stuit trainer fan Ajax A1, dêrfoar wie hy haadtrainer by FC Den Bosch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)