Twa fertochten wer frijlitten

Twa fan de trije fertochten dy't woansdei oanhâlden waarden yn ferbân mei de deadlike sjitpartij yn Easterwâlde binne wer frij. De tredde, in 29-jierrige ynwenner fan it doarp, sit noch altyd fêst.
De man waard koart nei de sjitpartij oanhâlden om't syn auto sjoen wie troch tsjûgen yn de Hooge Esch, dêr't de sjitpartij wie. Wat de relaasje is tusken de fertochte en it slachtoffer is net bekend.