Oername De Vries wurdt dreech

09 jan 2013 - 16:27

De kas fan it fallite De Vries kezinen op De Gordyk wie hielendal leech. Dat seit kurator Raymond Gustenhoven. It bedriuw draaide de ôfrûne tiid flink ferlies. De meiwurkers ha noch net dien krigen, mar krije gjin salaris mear. De kurator wol besykje it fabryk noch in tal wiken draaie te litten. Sa kinne de lêste oarders ôfhannele wurde. Oft dat trochgiet, hinget ôf fan de banken en it memme-konsern Doorwin. Dy moatte dêr jild beskikber foar stelle. In tal bedriuwen wolle parten fan De Vries oernimme, mar in folsleine oername wurdt dreech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)