Man stoarn nei sjitynsidint

09 jan 2013 - 15:36
  • Sjitpartij Easterwâlde
  • Sjitpartij Easterwâlde

Op de Hooge Esch yn Easterwâlde is woansdeitemiddei in man (51) út Easterwâlde om it libben kaam nei in sjitpartij. De helptsjinsten besochten de man te reanimearjen, mar hy is op it plak sels ferstoarn. Om 15.00 oere krige de plysje de melding. Der lei in man yn de achtertún fan in wenning oan de Hooge Esch. Hy wie net de bewenner. Tsjûgen seagen in auto en in bus fuortriden. De plysje hat trije minsken oppakt, twa manlju en in frou. Se binne nei it buro brocht. De plysje ûndersiket spoaren. Wat der krekt bard is, is ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)