Topfertsjinners boppe de noarm

09 jan 2013 - 12:22
  • Wander Blaauw
  • Diana Monissen
  •  John Jorritsma

25 Friezen dy't yn de publike of semy-publike sektor wurkje, fertsjinnen yn 2011 mear as de Balkenende-noarm fan 193.000 euro. Dat docht bliken út sifers fan it ministearje fan ynlânske saken. De Fryske topfertsjinner is Wander Blaauw fan Zorgpartners Friesland. Hy stiet op papier foar goed 380.000 euro.

Twad is Diana Monissen fan De Friesland. Se krige goed 360.000 euro. Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma is de bêst fertsjinjende kommissaris mei hast 230.000 euro. Hy fertsjinnet 38.000 euro mear as syn kollega yn Drinte.

Sûnt 1 jannewaris moatte de salarissen fan bestjoerders omleech nei in lytse 230.000 euro. Dat wurdt yn terminen ôfboud. Uteinlik wol it kabinet dat der net mear fertsjinne wurdt as in minister, dat is 144.000 yn it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)