Swimbad mist waarmteboarne

09 jan 2013 - 12:13

Troch it fallisemint fan De Vries kezinen op De Gordyk moat it swimbad yn itselde plak oars ferwaarme wurde. Swimbad de Kortezwaag waard foar in part ferwaarme mei restwaarmte fan it kezinefabryk. It ôfrûne jier krigen se al net in soad waarmte mear om't de produksje hurd achterút gien wie. It swimbad koe in soad besparje mei de restwaarmte. Se binne dwaande mei noch in alternative manier fan ferwaarmjen. Meikoarten begjinne se mei in gerskachel, dêr wurdt net safolle mei besparre op de stookkosten as mei de restwaarmte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)