Grut ûnderhâld yn Planetarium

09 jan 2013 - 12:08

It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer wurdt dizze wike hielendal út elkoar helle foar grut ûnderhâld. Dat komt nochal krekt en it bart dêrom neffens de oanwizings dy't Eisinga sels opskreaun hat. Alle ûnderdielen wurde skjinmakke, smard en werompleatst. Dat bart foar it earst sûnt de restauraasje fan 1997. De ferwachting is dat it ûnderhâld oan it planetarium noch oant 18 jannewaris duorret. Besikers binne gewoan wolkom en meie foar in legere priis it museum yn.

Trefwurden: 
Planetarium
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)