Soad animo audysjes De Keet

09 jan 2013 - 11:54
  • De Keet, de nije dramarige fan Omrop Fryslân

Foar de nije Fryske dramarige De Keet binne al goed 250 oanmeldings foar de audysjes binnenkaam. Oanmelde koe yn earste ynstânsje oant en mei 5 jannewaris, mar dy perioade is fanwege it grutte sukses ferlingd oant en mei 14 jannewaris. Der wurdt socht om spilers tusken de 15 en 25 jier dy’t Frysk prate. It projekt is in gearwurking tusken Omrop Fryslân en Tryater. Ein febrewaris moat de cast foar De Keet kompleet wêze. De searje wurdt yn de simmer opnommen.

It idee foar de dramarige komt fan regisseur Mirjam de With fan De Jouwer dy't ek de rezjy docht. Yn de nije searje is ‘Diede’ de haadpersoan. Hy is njoggentjin jier en gongmakker by in jongereinkeet earne op it Fryske plattelân. Troch in slim ûngemak rekket er ferlamme en kin er sels net mear prate. Dat feroaret net allinnich syn eigen libben drastysk, mar ek dat fan syn freonen en famylje. Oanmelde kin fia it formulier op de webside fan Omrop Fryslân of fia Facebook.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)