Langhout Beheer is fallyt

Langhout Beheer yn Ljouwert is fallyt ferklearre. Ein desimber gie ek al de skildersôfdieling fan it bedriuw fallyt. Doe rekken sa'n 40 minsken har baan kwyt. By Langhout Beheer wurkje goed 15 minsken. Yn de Langhout Holding sitte noch trije oare bedriuwen, ien is krektlyn oernaam. By de twa oaren wurkje gjin minsken, dat wurk waard dien troch de skilders fan Langhout. Neffens Johannes Osinga fan fakbûn CNV sil it dreech wurde foar de meiwurkers om nij wurk te finen. En in trochstart liket der ek net yn te sitten.