Fytsedief yn Snits oanhâlden
De plysje hat tiisdeitejûn yn Snits in 19-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden. Hy hie op it Normandiaplein in fyts stellen en dat seagen minsken. De fertochte koe fuort oanhâlden wurde doe't er him ferskûle hie achter in skoalle. De fyts is yn beslach nommen. De Snitser hat in proses-ferbaal krigen.