Undersyk nei takomst ûnderwiis

De gemeente Eaststellingwerf freget âlden en takomstige âlden om mei te tinken oer de takomst fan it basisûnderwiis yn de gemeente. Se dogge dit om't yn de ôfrûne 6 jier 14% minder bern nei skoalle gien binne.
De ferwachting is dat de befolking fan Eaststellingwerf yn de takomst noch mear krimpe sil en dus wolle se no al neitinke oer hoe't it ûnderwiis der yn de takomst útsjen moat. Tiisdei wie de earste fan fjouwer gearkomsten dêr't minsken mei ideeën komme koene.