Grutte opkomst yn Waaksens(L.)

08 jan 2013 - 22:26

De earste ynspraakjûn oer weryndieling yn Littenseradiel luts tiisdei yn Waaksens in soad minsken. Hast alle folwoeksen ynwenners fan it doarp wiene yn de tsjerke foar in diskusje mei boargemaster Liemburg en wethâlder Hernamdt. De Waaksenzers binne kritysk oer de weryndielingsplannen. Se binne benaud foar hegere kosten en foar in bestjoer dat minder each hat foar boeren en lytse doarpen.

Littenseradiel wol de 29 doarpen yn 2018 ferdiele oer de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Noardwest-Fryslân. Waaksens soe by Súdwest-Fryslân komme.

Neffens it foarstel fan b. en w. fan Littenseradiel soene 15 doarpen nei Súdwest-Fryslân gean, 10 oant 12 doarpen nei Ljouwert en 2 oant 4 doarpen nei Noardwest-Fryslân. Selsstannich bliuwe, lykas de befolking yn 2008 woe, is neffens boargemaster Liemburg no gjin opsje mear as je sjogge watfoar taken der allegearre op de gemeenten ôfkomme.

De jûn yn Waaksens wie de earste fan 23 ynspraakjûnen. Nei de 23 jûnen sil de gemeenteried fan Littenseradiel him definityf útsprekke oer de takomst fan de gemeente. Boargemaster Liemburg wie goed te sprekken oer de opkomst yn Waaksens en de ynhâldlike diskusje. Dat de doarpsbewenners muoite hawwe mei it opdoeken fan de gemeente kin Liemburg har goed foarstelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)