Wilhelminaoord gjin klinyk

08 jan 2013 - 16:41

De ferbouwing fan Wilhelminaoord yn Sint Nyk ta in ôfkickklinyk giet net troch. Der binne genôch fan sokke kliniken, neffens de GGZ. Yn de klinyk sieten 24 pasjinten dy't ferhúzje moasten fanwege de plannen en dy wiene dêr net bliid mei. Sy soenen lykwols in bettere behanneling krije, as soks yn de mienskip bart yn stee fan yn in aparte klinyk.

Wat de nije bestimming wurdt fan Wilhelminaoord is noch net dúdlik. It soe n konferinsjesintrum wurde kinne dêr't pasjinten yn meidogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)