VDL hat noch wol wurk

08 jan 2013 - 16:24
  • Busbouwer VDL op It Hearrenfean

Busbouwer VDL op It Hearrenfean hat oant de simmerfakânsje wurk foar syn 165 meiwurkers. It bedriuw is noch sawat tsien wiken dwaande mei it meitsjen fan bussen foar Arriva. Dêrnei leit der noch in oarder fan in Dútske maatskippij foar sechstich bussen.

Hoe't it dêrnei komt, is noch ûnwis. Direkteur Dennis van Opzeeland rekkenet derop dat der noch wol wat opdrachten komme yn de twadde helte fan it jier. Dat hat oant no ta altyd sa west. Oars kin oerstallich personiel ek noch tydlik oan it wurk in susterfabryk yn it suden fan it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)