De Friesland foar solidariteit

It soarchsysteem yn Nederlân kinwol better, mar it solidariteitsbeginsel moat bliuwe. Dat seit Diana Monissen fan soarchfersekerer De Friesland yn in reaksje op útspraken fan it CPB. It Sintraal Plan Buro kaam mei it berjocht dat de rikeren net mear safolle betelje wolle foar minsken dy net sûn libje. Dat binne benammen minsken mei legere ynkommens. Se kostje mear, mar betelje minder.
Monissen fynt dat elk likefolle kâns hawwe moat op goede soarch. Se sjocht noch mooglikheden genôch om te besparjen op de kosten.
Sa kin bygelyks jild besparre wurde troch faker in berop te dwaan op húsdokters.