Lemster ferwûne yn Grinslân

08 jan 2013 - 12:14

In Lemster (46) is tiisdeitemoarn swier ferwûne rekke by in oanriding by Middelstum yn Grinslân. De autobestjoerder ried oer de N46 út Grins rjochting de Eemshaven doe't er troch noch ûnbekende oarsaak op de ferkearde kant fan de dyk telâne kaam. Dêr ried in 42-jierrige frachtweinsjauffeur út Oostwold. Dy besocht noch út te wiken, mar koe in oanriding net tefoaren komme. Beide auto's rekken yn de sleat.

De man fan De Lemmer hie swiere ferwûnings en moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De frachtweinsjauffeur rekke licht ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)