Oplichting mei jassen

De plysje warskôget foar in oplichter yn Balk en Ealahuzen. De man giet mei jassen de doarren bydel en besiket dy te ferkeapjen. Hy seit dat de bewenner twa djoere jassen wûn hat. Der hoecht inkeld noch mar BTW oer betelle te wurden en dat jild wol hy hawwe.
Mar it binne brûkte jassen en se binne it jild nei alle gedachten net wurdich. Minsken moatte der net op yngean, seit de plysje.