Underdielen bestelbus stellen

In bestelbus yn Easterwâlde wie it ôfrûne wykein doelwyt fan in ynbraak. De bus stie parkeard op it terrein fan in bedriuw oan de Ploeggang. De dieven namen ark mei, mar ek auto-ûnderdielen. Sa ferdwûn de motorkap, rutewiskers, de autoradio, rubberen strips fan de ruten en in luchtfilter. It fermoeden is dat dat guod stellen is om in gelikense bestelbus te reparearjen.
Troch de stellerij koe in monteur fan it bedriuw net op 'en paad.