Maltha hâldt op by V.C. Snits

Follybalster Martha Maltha hâldt op by it earste frouljusteam fan V.C. Snits. Maltha jout foarrang oan har maatskiplike karriêre. Se wol dokter wurde op de earste help en ûnderfining opdwaan op de intensive care fan it UMCG yn Grins. Sa makket se mear kâns om talitten te wurden ta de oplieding.
Maltha is ien fan de bêste follybalsters fan Snits. Se sil oant 2 febrewaris útkommme foar it earste fan Snits.