Staking by Feenstra Verwarming

07 jan 2013 - 22:08

Meiwurkers fan Feenstra Verwarming op It Hearrenfean gean tiisdei yn staking. Eigener Nuon Vattenfall fan it bedriuw sil de festiging yn de rin fan dit jier slute.

De fakbûnen easkje dat der in ûntslachferbod oant 1 oktober komt. Want fan de 125 meiwurkers moat noch foar 60 in nije baan fûn wurde. De direksje fan Nuon Vattenfall tinkt noch nei oer de eask fan de bûnen, mar in ultimatum is moandei ferrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)