Untwikkeling bern fergrutsje

Meiwurkers fan berne-opfang en pjutteboartersplakken yn Ljouwert moatte oan de stúdzje. De gemeente hat keazen foar in breed ûntwikkelingsprogramma. It is de bedoeling dat bern dêrtroch bettere kânsen krije om't harren skoalresultaten foarút gean.
It programma rjochtet him op taal, rekkenjen, motoryk en sosjaal-emosjonele ûntwikkeling. It is bedoeld foar bern fan 0 oant 4 jier. De mear as 200 meiwurkers fan SKL Kinderopvang yn Ljouwert gean fan dizze moanne ôf ek op kursus.