Fries rêdt Dútser fan dea

07 jan 2013 - 19:25

De Frjentsjerter kapitein Arjen van der Veen hat mei syn silend frachtskip Tres Hombres in 71-jierrige Dútse seesiler rêden fan in wisse dea op de Atlantyske Oseaan. De solosiler wie dwaande mei in wrâldreis doe't er yn swier waar it roer kwytrekke.

Van der Veen, fan rederij Atlantisch Zeilende Handelsvaart út Den Helder, wie op twadde krystdei ûnderweis nei Barbados, doe't er in needsinjaal hearde en fuortendaliks aksje ûndernaam. Hy naam it 12 meter lange syljacht fan 'e Dútser op sleeptou.

Van der Veen leit no mei syn sleep yn de Rocking Bay op it eilân St Lucia. Dat leit by Barbados yn de buert. De siler sil syn skip reparearje en kin dan fierder mei syn tocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)