Matich resultaat Hearrenfean

Mark Uth
Sportklup Hearrenfean hat op trainingskamp yn in minytoernoai ien kear ferlern en ien kear lyk spile. De earste wedstriid spile de ploech fan Marco van Basten doelpuntleas lyk tsjin Bayer Leverkusen. Hearrenfean spile sûnder Finnbogason en mei Mark Uth yn de spits.
De twadde wedstriid waard mei 2-1 ferlern fan Hannover. Dy wedstriid spile Hearrenfean mei benammen spilers dy't gewoanwei minder minuten krije. Doelpuntmakker foar Hearrenfean wie Marco Pappa.