Liening foar wynmûneparken

© Omrop Fryslân
De bou fan twa wynmûneparken yn de Noardsee 85 kilometer benoarden Skiermûntseach is wer in stap tichteby kaam. De eigener kriget in liening fan in heal miljard euro fan de Europeeske Ynvestearringsbank. It giet om Typhoon Offshore, festige yn Amsterdam.
It bedriuw lit op de eigen webside witte ek al twa ôfnimmers te hawwen foar de elektrisiteit. Dat binne Greenchoice en Delta. Fierders is der in akkoart op haadlinen oer de trochferkeap fan de wynmûneparken oan fiif partijen dy't de eksploitaasje foar harren rekken nimme sille.