Fryske hynders populêr

07 jan 2013 - 12:41
  • Marijke Akkerman

It Frysk hynder bliuwt populêr yn it bûtenlân. Dat docht bliken út it tal dochterferienings fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek dat yn it bûtenlân opset is. Dat binne no al 25. Ferline jier is noch in feriening yn Israel oprjochte. Der binne no yn fyftich lannen Fryske hynders te finen. Fierders giet it ek goed mei de eksport fan Fryske hynders en fôlen.

It giet minder goed mei it Frysk stamboek yn Nederlân. It tal dekkings wurdt minder. Dat komt troch de krisis en de lege prizen foar de fôlen. Dekke kin faak net mear út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)