Ynbraak mei 'pealstamper'

Yn de Molenstrjitte yn Ljouwert is op 29 desimber in wenhûs mei grof geweld iepenraamd mei help fan in swiere pealstamper. De oerfal is dien troch trije, noch ûnbekende manlju om sawat 18.00 oere jûns.
De manlju binne neffens de plysje mei de pealstamper oer de dyk rûn. De plysje wol dêrom graach yn kontakt komme mei minsken dy't dat sjoen hawwe. By de ynbraak yn de Molenstrjitte is jild stellen. De bewenner wie op it stuit fan de ynbraak net thús.
De plysje hâldt rekken mei de mooglikheid dat de dieders de bewenner ûnder druk sette woene om noch mear jild en kostberheden ôf te jaan. Der is yn de lêste wike fan 2012 op 37 plakken yn Fryslân ynbrutsen yn in wenhûs. Tips oan de plysje oer dizze ynbraak binne wolkom op telefoannûmer 0900-8844.