De Friesland moat suniger oan

07 jan 2013 - 10:58

Soarchfersekerder De Friesland moat dit jier suniger oan. Tûker wurkje moat de oprinnende kosten fan de soarch drukke. Dat waard moandeitemoarn meidield op it jierlikse nijjiersbrochje.

De soarchfersekerder set dit jier, lykas ferline jier, útein mei in taname. Der binne 50.000 nije klanten bykaam. Wol hawwe minder minsken in oanfoljende fersekering ôfsletten. Ferline jier hat De Friesland de lapen gearsmiten mei FBTO Achmea en is ûnder ien namme fierder gien. De nije klanten binne 40.000 fan FBTO een 10.000 fan De Friesland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)