Nachts mei televyzje omride

07 jan 2013 - 10:47

In 48-jierrige Ljouwerter is sneintenacht oanhâlden op fertinking fan heling en mooglik ek noch stellerij. Hy ried op in scooter oer de Insulindestrjitte mei in televyzjetastel tusken de skonken. Dat fûn de plysje nuver. De man koe der gjin oertsjûgjende ferklearring foar jaan wêrom't er midden yn 'e nacht mei in televyzje omried.

De man is meinaam nei it plysjeburo foar ûndersyk.

Trefwurden: 
stellerij televyzje heler
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)