Leenstra nije sprintkampioene

06 jan 2013 - 17:05

Marrit Leenstra fan Wikel is de nije Nederlânsk sprintkampioene. Op iisbaan Kardinge yn Grins wûn Leenstra de ôfslutende 1000 meter, wêrtroch se yn it einklassemint Margot Boer en Laurine van Riessen efter har liet. Leenstra sette op de twadde 1000 meter in winnende tiid fan 1.17.60 op 'e klokken. Dêrmei wie se better as Ireen Wüst (1.17.74) en Lotte van Beek (1.18.07).

Boer, dy't nei dûbele winst op de 500 meter oan de lieding gong, kaam op de kilometer net fierder as it fyfde plak (1.18.69) en ferspile dêrmei har nasjonale titel.

Thijsje Oenema, dy't ek noch kâns makke op de titel, klokte op har twadde 1000 meter in sechde tiid fan 1.19.09 en falt dêrtroch yn it einklassemint krekt neist it poadium. Anice Das einige as 8e op de ôfslutende ôfstân en fine wy yn de einstân werom op it 7e plak.

De plakken foar it WK Sprint binne no ek bekend. Leenstra giet mei Boer, Oenema en Van Riessen nei Salt Lake City, dêr't it WK ein jannewaris plakfynt. Boppedat mei Leenstra mei Lotte van Beek, Van Riessen, Wüst en Boer nei de restearjende wrâldbekerwedstriden op de 1000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)