2013 dreech jier foar de bou

06 jan 2013 - 16:31

De bou krijt yn 2013 opnij te meitsjen mei hûnderten falliseminten en op syn minst tsientûzen ûntslaggen. Mei dat sombere boadskip komt foarsitter Elco Brinkman fan Bouwend Nederland moandei nei Dokkum. Brinkman is de wichtichste sprekker op de nijjiersgearkomste fan de feriening hannel en yndustry.

Brinkman sil yn syn taspraak yngean op it belied fan de oerheid. Hy fynt dat it nije kabinet de bou stimulearje moat. Neffens Brinkman bart dat op dit stuit krekt net. Hy neamt 2013 'it swierste jier foar de bou dat der ea west hat'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)