Karmerk foar Sweachster kroket

06 jan 2013 - 16:17

De poddestuolle-kroketten fan snackbar 't SnackBearske yn Beetstersweach wurde bekroand as streekprodukt fan de Wâlden. Ek de shiitake-poddestuollen dêr't se mei makke wurde komt dy eare ta. Dy wurde kweekt troch de firma De Feanhoper op De Feanhoop.

De poddestuollen en de kroketten krije it streekkarmerk Wâldpyk. Under dy merknamme wurde folle mear produkten út de Wâlden promoate, lykas de wichterprom, giele wâldjirpels en wâldbeantsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)