Hûnderten spegelkarpers útset

06 jan 2013 - 15:23

Fanút Wergea binne sneon hûnderten spegelkarpers útset yn it Fryske binnenwetter. It spegelkarperprojekt is in inisjatyf fan de karper sportfiskerij Nederlân en is bedoeld om de meagere karperstân te ferbetterjen. Frijwilligers brochten de fisk yn in grutte bak mei wetter nei ûnder oare de Dokkumer Ie en de Stienzerfeart.

De karpers komme út Frankryk en wurde stik foar stik monitoard. Eltse fisk waard woegen, metten en op de foto set. Wa't ien fan de fisken fangt wurdt fersocht om dat werom te melden oan de KSN regio Fryslân.

De KSN wol yn alle gefallen graach gewicht, lingte en de lokaasje witte dêr't de fisk fongen is. De gegevens kinne trochjûn wurde op it folgjende emailadres: spiegelkarpersinfriesland@live.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)