Pilske kostet Snitser 500 euro

© ANP XTRA
De plysje hat sneontenacht by in hoarekasaak oan de Merkstrjitte yn Snits in man (40) út Snits oanhâlden fanwege mislediging. De man begûn te skellen, doe't de plysje him oanspruts fanwege it drinken fan in blikje bier op de iepenbiere wei.
De man begûn de plysje te misledigjen, doe't de plysjes it blikje bier fan him ôfpakten. De man waard oanhâlden. Der waard proses-ferbaal tsjin de man opmakke. Hy kin in boete fan 500 euro ferwachtsje.