Frou fan hântas berôve

06 jan 2013 - 14:53

In frou (43) út Ljouwert is sneontejûn om healwei alven hinne op de Eastergrêftswâl fan har hântas berôve. De frou rûn op de Eastergrêftswâl, doe't se fan achteren op in fyts benadere waard troch twa manlju mei in donkere hûdskleur. De manlju lutsen de tas fan har skouder en naaiden oanslutend op in fyts út rjochting de Blokhúspoarte, dêr't se út sicht ferdwûnen.

Wa't de strjitrôf sjoen hat of hjir mooglik ynformaasje oer hat wurdt fersocht om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)