De Vries wint yn Alkmaar

06 jan 2013 - 13:58

Maratonrider Bob de Vries fan De Haule hat sneon yn Alkmaar de trettjinde maraton om de KPN Cup wûn. De Haulster naam as iennige in rûntsje foarsprong op it peloton en seach de winst net mear yn gefaar kommen. Ploechgenoat yn de BAM-ploech Christijn Groeneveld waard yn de einsprint twadde, foar de Belch Bart Swings. Groeneveld hâldt de lieding yn it klassemint.

By de froulju kaam Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean solo oer de einstreek. It wie har earste oerwinning sûnt 8 jier. Mariska Huisman waard twadde, Jolanda Langeland tredde.

Yn it klassemint stiet Mariska Huisman noch altyd boppeoan, mei 323,2 punten. Twadde is Rixt Meijer fan It Hearrenfean mei 243 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)