Drugsdealers pakt yn Drachten

© ANP XTRA
Op de Singel yn Drachten binne sneontenacht twa drugshannelers oanhâlden. It gie om twa ynwenners fan Drachten fan 24 en 26 jier. De plysje seach dat de twa yn in auto mei drugs dwaande wiene en stelde in ûndersyk yn. Doe die bliken dat der yndie wyt poeier yn de auto oanwêzich wie, neffens de plysje giet it nei alle gedachten om harddrugs.
De 26-jierrige man hie ek noch in ploertedeader by him, in stok mei in leaden knop der op. Sa'n wapen meie je net by je hawwe. De beide manlju binne oanhâlden en de drugs is yn beslach nommen.