Jonge ynbrekkers oppakt

06 jan 2013 - 11:39

By Froubuorren binne sneontejûn trije jonges fan 14 en 15 jier oanhâlden, omdat se ynbrutsen hiene yn in hûs yn Froubuerstermole. De bewenners kamen om in oere as 10 jûns werom en seagen de jonges yn har hûs. Dy naaiden hurd út, mar de buorman gong der achteroan en warskôge de plysje.

Op de Spoardyk waard de earste jonge oanhâlden. Op in fytspaad yn de rjochting fan Sint Anne waarden ek de oare twa oppakt. Se binne nei it plysjeburo fan Sint Anne brocht en dêr yn de sel setten.

De plysje siket noch in frou yn in auto. Dy soe troch de jonges oansprutsen wêze. Mooglik giet it om in meiwurkster fan de sauna.

Trefwurden: 
plysje ynbrekkers Froubuorren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)